Op hoop fan segen Toanielferiening We Doarre Wer




Klassyk seedrama yn Ryptsjerk/Tytsjerk. Wa’t ‘Op hoop fan segen’, de klassiker fan Herman Heijermans, op in nije manier belibje wol, kin op fjouwer jûnen yn maart te lâne yn Ryptsjerk (7 en 8 maart) en Tytsjerk (14 en 15 maart). Toanielploech We Doarre Wer fan Ryptsjerk spilet dit drama oer fiskersfertriet mei in sûne doasis humor en absurditeit. It Frysk bringt it stik noch tichterby.